Fertochte dief pakt by brân

15 okt 2013 - 10:30

In man fan 40 jier fan It Hearrenfean is ôfrûne nacht oanhâlden foar stellerij. Tsjûgen hiene sjoen dat er yn de Azaleastrjitte op It Hearrenfean besocht in bromfyts mei te nimmen. Se warskôgen de plysje. Dy soe achter de fertochte oan, mar waard doe nei in brân yn de Primulastrjitte op itselde plak roppen. De plysjes seagen letter de fertochte by de brân stean.

Ien fan de tsjûgen fan de stellerij koe de man ek werom. De Feanster waard oppakt. Hy sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)