Fertochte deaslach frijsprutsen

29 nov 2005 - 15:49

In man (54) út Ljouwert is troch it gerjochtshôf yn Den Bosch frijsprutsen fan poging ta deaslach of swiere mishanneling. De man is HIV-pasjint en hat seis jier lyn ien kear ûnbeskerme seks hân mei in jonge. De man wie earder troch it hôf yn Ljouwert ta fiif jier sel feroardiele.

It OM hie no om frijspraak frêge omt de risiko's fan in HIV-besmetting in stik lytser binne as yn it ferline. Ek de kâns op ferstjerren is ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)