Fertochte dea Reidsma wer frij

12 apr 2011 - 15:10

De 39-jierrige Ljouwerter dy't fêst siet foar it deariden fan de Ljouwerter Eeuwke Reidsma is frijlitten. Dat hat it gerjochtshôf tiisdei bekend makke. Op 11 maart feroarsake de man in oanriding op de Esdoornstrjitte dêr't Reidsma by om it libben kaam. Syn dochter rekke swier ferwûne.

Reden foar de frijlitting is dat der gjin oanwizings binne dat de fertochte de heit en dochter mei opsetsin oanriden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)