Fertochte De Harkema útlevere

12 feb 2008 - 09:54
  • Op 'e Harkema waarden twa minsken delsketten

De fertochte fan de sjitpartij yn Koatstertille en De Harkema wurdt tiisdei oerbrocht nei Fryslân. De man sit fêst yn Dútslân dêr't er hinneflechte wie. Yn Fryslân wurdt er oanhâlden foar it deasjitten fan Murkje de Vries (36) út Koatstertille.

Earder dy nacht skeat er twa ynwenners fan De Harkema del. De swierferwûne man leit noch altyd yn it sikehûs yn Grins. De frou is fan 't wykein thús kaam út it sikehûs MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)