Fertochte Comenius wer fêst

20 apr 2010 - 10:35

De plysje hat ien fan de fjouwer fertochten dy't earder oanhâlden waarden yn de saak fan de stellerij op it Comenius yn Ljouwert op 'e nij oanhâlden. De fjouwer waarden sneon frijlitten. De rjochter bepaalde wol dat se gjin nije strafbere feiten plege mochten. Dat hat dizze jonge wol dien. Oft dat op de skoalle bard is, kin de plysje net sizze.

Der binne moandei seis nije fertochten oanhâlden. De groep wie frege har te melden op it plysjeburo. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)