Fertochte Club Q oanhâlden

09 maaie 2010 - 18:41

De plysje hat sneintemiddei yn Dokkum in 18-jierrige jongen út Damwâld oanhâlden. Hy soe belutsen wêze by de geweldsynsidinten yn it wykein fan 17 en 18 april by Club Q yn Noardburgum. Dêrby kaam de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum om it libben en rekke de 20-jierrige Gerard Dijkstra swier ferwûne.

De plysje kin noch neat sizze wat de 18-jierrige fertochte krekt dien hat. De plysje heart him no en slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)