Fertochte brief yn Frjentsjer

18 okt 2001 - 00:00

Op it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel is tongersdeitemoarn by de Sosjale Tsjinst in brief binnenkaam mei in fertocht poeier deryn. Fanwege de driging fan de myltfjoer-baktearje hie de plysje de postkeamer fan it gemeentehûs sletten en fersegele.

De fertochte brief is ûndersocht yn in laboratorium yn Lelystêd. Derút hat bliken dien dat it poeier ûnskuldich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)