Fertochte brânstifting frijút

27 maaie 2008 - 10:20
  • Ien fan de mystearieuze brannen

De saak tsjin de fertochte fan inkele brânstiftings yn Wikel en Sondel wurdt seponearre. Der is net genôch bewiis. De man (21) út Sondel waard begjin febrewaris dit jier oanhâlden om't er twa moanne dêrfoar brân stifte hawwe soe yn 2 pleatsen yn Wikel en Sondel.

Ferline jier septimber waard er ek al oanhâlden foar brânstifting yn in wenning yn Wikel. Beide kearen ûntkende de man. Hy siet beide kearen in skoft fêst, mar waard frijlitten om't der net genôch bewiis wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)