Fertochte brânstifting frij

21 maaie 2008 - 17:50

De frou (50) dy't oanhâlden wie op fertinking fan brânstichting by meganisaasjebedriuw Boelens yn Haulerwyk is woansdei wer frijlitten.

It giet om de frou fan 'e direkteur fan it bedriuw. Se is noch wol fertochte, mar der is net genôch bewiis om har langer fêst te hâlden. Neffens tsjûgen hat de frou yn it kafee roppen dat se de boel yn 'e brân sette soe. It motyf soe yn 'e relasjonele sfear lizze. Foar de brân sit noch hieltyd in man (54) fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)