Fertochte Bouma langer fêst

08 apr 2010 - 16:47
  • Serviceflat Froonacker yn Frjentsjer

De rjochtbank hat bepaald dat de fertochte yn de moardsaak op Pietje Bouma fan Frjentsjer yn alle gefallen noch 14 dagen fêst sitten bliuwt. De 47-jierrige frou wurdt fertocht fan moard of deaslach fan de 69-jierrige Pietje Bouma. Sy is oanhâlden op grûn fan it spoare-ûndersyk yn de flat.

Bouma waard op 13 maart dea fûn yn har hús yn de serviceflat Froonacker yn Frjentsjer. De frou is troch meardere messtekken om it libben brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)