Fertochte boatsjefarder oppakt

28 mrt 2012 - 10:09

In 34-jierrige Ljouwerter is fannacht oppakt, omdat er harddrugs en ynbrekkersark by him hie. De plysje seach him yn in boatsje oer de Harnzerfeart yn de rjochting fan de Snitsertrekwei farren. Omdat de boat fol guod lei, woene se de man kontrolearje. Mar de man woe net nei de kant komme.

Uteinlik is in plysjeboat ynset om de man oan te hâlden. By syn oanhâlding besocht de man in pûdsje speed wei te smiten. Dat is yn beslach naam. Yn de boat waard ek ynbrekkersark fûn. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)