Fertochte bekent belutsenens

30 jun 2014 - 15:34
  • De plysje docht ûndersyk yn it hûs fan it slachtoffer

De 45-jierrige fertochte út Ljouwert hat moandeitemiddei bekend dat er belutsen is by de dea fan Miranda Olivier út Ljouwert. De 38-jierrige frou waard freed dea fûn yn har hûs oan de Frederik Ruyschsstritte.

De fertochte waard ek oantroffen yn it hûs. Hy wie licht ferwûne. Nei behanneling yn it sikehûs is er dy deis noch oppakt en ferheard. De man bliuwt noch fjirtjin dagen langer fêstsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)