Fertochte beflibet plysjeman

17 jul 2014 - 07:50
  • (stockfoto)

In 37-jierrige man út Aldskoat is woansdeitejûn troch de plysje fan It Hearrenfean oanholden nei't er in plysjeman beledige en beflibe hie. De man siet mei in oare man op de Gedempte Molenwyk in blikje bier te drinken. Doe't de plysje de manlju op 'e bon slingere, waard de plysjeman troch de fertochte útmakke foar 'grutte kloatsek'. De man naaide dêrnei út op 'e fyts, mar koe yn de Pastoriestrjitte oanholden wurde. By syn arrestaasje beflibe er de plysje en wie er agressyf.

De man sit noch fêst op it buro yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)