Fertochte autobrân yn Ljouwert

17 apr 2014 - 06:13

Yn de Fruitstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in parkearde auto yn 'e brân flein. De brân ûntstie by it achtertsjil en by de dop fan de benzinetank. De brânwacht hat it fjoer útmakke, mar koe net foarkomme dat de auto totaalskea krige.

De plysje docht ûndersyk nei de brân. Yn de omkriten fan de Fruitstrjitte binne de lêste tiid faak fertochte autobrannen. Auto's yn de buert binne bekrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)