Fertochte ATF-brân bliuwt frij

17 maaie 2001 - 00:00

De fertochte fan 'e ATF-brân bliuwt op frije fuotten. It berop fan it Iepenbier Ministearje tsjin de frijlitting is ôfwiisd. De rjochter-kommissaris fûn earder dizze wike dat der gjin reden wie de man langer fêst te hâlden. It OM wie it dêr net mei iens en tekene berop oan.

De 45-jierrige Drachtster soe flaters makke hawwe by de opslach fan gefaarlik ôffal. Dat feroarsake de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)