Fertochte Aldwâld ûntkent

19 jan 2006 - 11:45

De 25-jierrige man dy't moandei oanhâlden is foar it seksueel misbrûken fan in famke fan 13 yn Aldwâld, ûntkent dat er wat mei de saak te krijen hat. Dat seit syn advokaat De Vries.

De advokaat seit dat syn kliïnt frijwillich DNA ôfstien hat om dat te brûken yn dizze saak. It DNA wurdt ek besjoen yn ferbân mei de saak-Vaatstra. De fertochte seit dat hy snein by syn freondinne en har soantsje wie. In team fan 25 resjersjeurs wurket oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)