Fertochte 25 ynbraken oppakt

19 mrt 2010 - 09:43

De plysje hat mei de oanhâlding fan in 28-jierrige ynwenner fan Drachten sa'n 25 ynbraken yn nijbouhuzen yn Drachten, It Hearrenfean en De Rottefalle oplost. Dêrby waarden 20 cv-tsjettels stellen.

It grutte tal oanjeften en anonime ynformaasje oer in mooglike dieder wiene foar de plysje reden om mei in ûndersyk te begjinnen. Ein jannewaris is de Drachtster oanhâlden. Yn syn auto leine trije cv-tsjettels. De plysje fûn der yn totaal tsien werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)