Fertocht pakketsje Wolvegea

11 jan 2013 - 06:52
  • It stasjon fan Wolvegea en de omjouwing binne ôfset troch de plysje

Bomferkenners dogge op dit stuit ûndersyk nei in fertocht pakketsje op it stasjon fan Wolvegea. Der is in fertocht pakketsje fûn en de plysje wol neffens in wurdfierder gjin risiko nimme. Omdat ek de bomferkenners it pakketsje fertocht fine is de Eksplosiven Oprommingstjinst EOD ynskeakele. De EOD hat it ôfsette gebiet grutter makke.

De trein tusken Ljouwert en Zwolle stoppet om dy reden net yn Wolvegea, mar rydt dêr troch. It plak dêr't it fertochte pakketsje leit is ôfset. Foar de treinreizgers wurde bussen ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)