Fertocht pakket yn Ljouwert

25 sep 2014 - 21:06

Yn in hûs oan de Zwemmer yn Ljouwert is tongersdei oan de ein fan de middei in fertocht pakketsje fûn. De plysje hat de eksplosiven oprommingstsjinst oproppen om ûndersyk te dwaan. Ek de brânwacht en in ambulânse waarden ynsetten by it hûs yn de wyk Suderbuorren. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it pakketsje net gefaarlik wie.

Yn de wenning wie tongersdeitemoarn noch in groep kreakers oppakt. It hûs wie krektlyn ferkocht, mar noch net bewenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)