Fertocht fan fraude mei slyk

10 okt 2012 - 10:16

De plysje fertinkt twa manlju fan fraude mei baggerslyk. It duo, in man (59) út Fryslân en ien (36) út Noard-Hollân, soene by it ferhanneljen fan slyk net meld hawwe dat it bot fersmoarge wie. Se soene dêrfoar ek de papieren ferfalske hawwe. It slyk waard ferline jier ûntdutsen by wurk yn Snits. De plysje hat der dêrnei ûndersyk nei dien. Dêrby kamen net allinne de twa persoanen nei foaren, mar ek trije bedriuwen. De prosessen-ferbaal geane no nei it iepenbier ministearje, dat besjocht oft der in saak fan makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)