Ferswakt Hearrenfean mei Lodeweges op tribune

28 nov 2014 - 12:33
  • SC Hearrenfean-trainer Dwight Lodeweges

Mei de skorste Dwight Lodeweges op de tribune sil SC Hearrenfean der sneon alles oan dwaan fan Heracles Almelo te winnen. Hearrenfean hat al seis wedstriden op rige net wûn. Assistint trainer Johnny Jansen nimt de rol fan Lodeweges oer. Hearrenfean is net op folle sterkte. Luciano Slagveer en Joey van den Berg binne beide skorst. Morten Thorsby sil op de rjochterflank komme te stean en it liket logysk dat Jukka Raitala op it plak komt te stean fan Van den Berg. Al soe Pele van Anholt ek op it middenfjild út de fuotten kinne.

Jordy Buijs rekke yn de útwedstriid swier blessearre en is de rest fan it seizoen útskeakele. Syn ferfanger is Kenneth Otigba.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)