Fersutere hynders yn Stynsgea

20 des 2012 - 12:37
  • Plaknammeboerd Stynsgea

By in wenhûs oan It West yn Stynsgea hawwe de plysje en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit woansdei fjirtjin hynders en ponnys yn beslach naam. De bisten wiene yn suterige omstannichheden. Seis fûgels en in hûn binne ek yn beslach naam.

Der waard fierders ek in himpkwekerij ûntdutsen. Yn ien romte stiene 114 planten. Twa oare kwekerijen wiene yn oanbou. De bewenner lei yn 'e hûs siik op bêd. Hy is nei it sikehûs brocht. De plysje hat ek noch trije stekwapens yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)