Ferstoppe jild op De Hemrik

05 jul 2014 - 12:05
  • Anton Kappers wie sneon ien fan de gelokkige finers
  • De aksje waard oankundige op Twitter
  • Fytster op syk nei 'Hidden cash' op it terrein fan Omrop Fryslân

Inkelde tsientallen skatsikers strúnden sneon dwers troch bedriuweterrein De Hemrik op syk nei ferstoppe jild. It jild is troch in ûnbekende jildsjitter yn sân griene sluven ferstoppe yn it ramt fan de aksje 'Hidden cash Liwwadden'. Sadree't de nije aksje oankundige wie op Twitter giene inkelde tsientallen, meast jonge, Ljouwerters fuortendaliks nei de sluven op syk.

'Hidden cash' is in ynternettrend dy't oerwaaid is út it bûtenlân. De jildsikers strúnden ûnder oare it terrein fan Omrop Fryslân en de Praxis ôf op syk nei in griene slúf.

Mei-inoar binne sân sluven mei 20 euro ferstoppe. Tusken de middei wiene fjouwer fan de sân sluven fûn. Moai meinommen, seit ien fan de de finer, mar it giet ek om de sport. It is de tredde kear dat der in 'Hidden cash'-aksje plakfynt yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)