Fersteurders fûgelnêst bekend

07 jul 2006 - 10:42

De fernielers fan in rôffûgelnêst yn It Nannewiid binne oppakt. De plysje kaam de fertochten op it spoar troch tips. Der stiene foto's fan de twa mannen op de webside fan de plysje.

De manlju, fan 19 en 22 jier út Rotsterhaule, ha tajûn dat se it nêst yn natuergebiet It Nannewiid úthelle hawwe. De plysje tinkt dat it net de earste kear is dat se soks dienen en docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)