Fersterking foar jagers Flylân

11 aug 2009 - 13:55
  • Foksejacht op Flylân no ek mei ljochtbakken

De foksejacht op Flylân wurdt útwreide. De jagers op it eilân krije fersterking fan betûfte kollega's fan de fêste wâl. De provinsje hat ek tastimming jûn om te jeien mei ljochtbakken wêrtroch't nachts jage wurde kin. De ôfrûne tiid binne ferskate foksen op it eilân sjoen.

Begjin july waarden de foksen foar it earst op Flylân sjoen. De bisten ha al tûzenen nêsten leechrôve yn natuergebieten. De foksen binne werskynlik yllegaal nei Flylân brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)