Fersterking foar de Flyers

25 okt 2008 - 15:12
  • Arthur Fritch

De iishockeyers fan de Hajé Flyers fan It Hearrenfean ha in nije ferdigener oanlutsen. De 23-jierrige Amerikaan Arthur Fritch is taheakke oan de seleksje fan coach Chris Eimers. Fritch kin fan 't wykein al meidwaan yn de wedstriden tsjin de Nijmegen Devils en de Pecoma Grizzlies út Grins.

De Flyers binne noch hieltyd dwaande mei it fersterkjen fan har seleksje. Om't fan 'e wike ôfskied naam waard fan Jay Chrabala, ha de Flyers ek noch ferlet fan in nije keeper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)