Fersprieding pinautomaten

13 okt 2009 - 11:42

De ferdieling fan pinautomaten yn de gemeente Ljouwert is net goed. Dat fine de PvdA en VVD yn de Ljouwerter gemeenteried. De fraksjes ûntdutsen dat yn guon buerten, lykas yn de Frijheidswyk, gjin pinautomaat stiet. Ek yn Goutum kinne minsken gjin jild út de muorre helje.

De fraksjes wolle dat it kolleezje in ynventarisaasje makket fan de sprieding fan de automaten. Dêrneist soe it bestjoer om ekstra pinautomaten freegje moatte by de banken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)