Fersoargingshûs wurdt opknapt

10 apr 2009 - 11:51
  • De keamers wurde grutter makke

Fyftich apparteminten fan fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint Anne wurde grutter makke. Yn de twadde helte fan 2010 wurdt mei it wurk begûn. De keamers binne 25 jier lyn renoveard. Se binne neffens de hjoeddeistige noarmen te lyts. Ferpleechkundigen moatte soarch leverje en ha eins te min romte. It kostet fjouwer miljoen euro.

Wonen Noordwest Friesland wol ek noch tweintich oanleunwenten bouwe by it fersoargingshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)