Fersmoarge sleat yn Akkrum

28 jan 2005 - 13:43

Op yndustryterrein Spikerboar yn Akkrum is in sleat fersmoarge mei stoffen dy't yn stiel-slakken sitte. Stielslakken wurde brûkt foar de fersteviging fan diken en terreinen. De gemeente Boarnsterhim hat de omkriten fan de sleat ôfset.

It wetterskip sil freed it fersmoarge sleatswetter mei tankauto's opsûge en nei de wettersuvering bringe. Oanrekking mei it fersmoarge wetter kin leide ta yrritaasjes oan de hûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)