Fersmoarge grûn yn 2015 skjin

11 apr 2012 - 17:06

Ein 2015 is alle fersmoarge grûn yn Fryslân skjin. Dy tasizzing die deputearre Sietske Poepjes woansdei by in kommisjegearkomste fan de Steaten oer in rapport fan de noardlike rekkenkeamer oer grûnfersmoarging. Dy rekkenkeamer konkludearre earder dat de provinsje earnstich tekoart sjit.

It duorret fierstente lang foar't der yngrypt wurdt, sels as der gefaar is foar de folkssûnens. Mar dat sil no oars en ein 2015 is it fuort, sa seit deputearre Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)