Fersmoarge grûn by Menaam hoecht net fan Grondnet te kommen

20 apr 2016 - 18:12
  • De lûdswâl by Menaam

It bedriuw Grondnet út It Fean kin net twongen wurde de lûdswâl by Schatzenburg by Menaam ôf te graven. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besletten. De provinsje hie it bedriuw in twangsom oplein omdat it Grondnet ferantwurdlik hâldt foar it ferwurkjen fan fersmoarge grûn by de oanlis fan de lûdswâl.

Ek al hat Grondnet grûn ôfgroeven om de lûdswâl oan te lizzen, dêrmei is net oantoand dat it bedriuw dêrtroch ek ferantwurdlik is foar de fersmoarging. Neffens de Ried kin ek wurk dat earder yn de grûn plakfûn hat de fersmoarging feroarsake ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)