Fersmoarge grêften Dokkum wurde skjinmakke

25 feb 2015 - 11:21
  • Dokkum

De boaiem fan de stedsgrêften yn Dokkum krije in goede skjinmakbeurt. In tal fan dizze grêften wurdt dan fuortendaliks ek djipper makke. It wurk wurdt dien troch Wetterskip Fryslân, de provinsje en de gemeente Dongeradiel. Ek de Súd Ie wurdt oanpakt.

De sanearring is nedich om't de boaiem fan de grêften fersmoarge is. Benammen op it plak dêr't foarhinne de gasfabriken stiene. Mei elkoar sil sa'n 17 tûzen kúb oan fersmoarge slib fuorthelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)