Fersleinens yn Sâltkamp

14 des 2010 - 16:40

De fermiste opfarrenden fan de HA38 dy't tiisdeitemoarn betiid boppe Skylge fergie, komme út Leens en de stêd Grins. De fisker dy't troch in foarbykommend skip út it wetter weihelle wurde koe, komt ek út Leens. Hy leit in kritike tastân yn it sikehûs.

De HA38 is eigendom fan fiskerijbedriuw De Rousant yn Sâltkamp. It nijs hat ta grutte fersleinens laat op it bedriuw, seit direkteur Matthijs van der Ploeg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)