Ferslavingssoarch sil ferhúzje

20 aug 2008 - 09:21

De ferslavingssoarch yn Fryslân konsintrearret in soad soarch en meiwurkers op in nije lokaasje yn Ljouwert. Dêrfoar is it eardere pân fan Cedin oan de Eastergoawei oankocht.

It is it doel dat de ferslavingssoarch út trije oare plakken yn ´e stêd weiferhuzet: twa oan de Eastergoawei en ien oan de Tadingastrjitte. Yn it nije kantoar komt it management, de ôfdieling previnsje, de ambulante helpferliening, de klinyk en de leechdrompelige soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)