Ferslavingssoarch makket hânboek foar helpferlieners

26 nov 2015 - 10:44

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân hat in hânboek makke foar jongereinwurkers, meiwurkers fan wykteams en ferslavingssoarchynstellingen. Dy kinne it hânboek brûke yn harren petearen mei drinkende minderjierrigen en harren âlden. Yn it boek stean tips om mei de jongerein yn petear te kommen.

Ek wurdt útlein hoe't helpferlieners de oandacht fan de faak net motivearre jongeren fêsthâlde kinne. Neffens ferslavingssoarch wie der oant no ta net in draaiboek foar dizze petearen.

Ut ûndersyk docht bliken dat it oantal jongeren ûnder de 18 jier dat drank keapet wol ôfnimt, mar dat noch hieltiid sa'n 80 prosint alkohol drinkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)