Ferslaafden meitsje stêd skjin

28 nov 2003 - 00:00

De Ljouwerter binnenstêd is skjinner as ea tefoaren. Sûnt fjouwer wike binne groepen swalkers op paad om de troep op te rêden. Dakleazen steane yn de rige om meidwaan te kinnen. Foar de 14 plakjes binne wol ris 25 gadingmakkers. Dielnimmers krije fiif euro deis.

It wurkprojekt foar ferslaafden is in inisjatyf fan de gemeente. It wurdt finansierd troch it Ryk, dat 450.000 euro beskikber steld hat foar in perioade fan twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)