Ferslaafden earder oppakt

16 okt 2005 - 11:28

Yn Ljouwert wurde hieltyd mear ferslaafden bekeurd foar oerlêst. Dat docht bliken út sifers fan it Projekt Fersnelde Ofhanneling Ferslaafden. Se wurde no gau yn de sel set, as se in boete net betelje. Sûnt de start fan it projekt yn 2001 is it tal bekeurings bot omheeggien.

De Ljouwerter ferslaafden hawwe hast 600 dagen 'sitten'. Hûndert fan de 250 thúsleaze ferslaafden binne fuortlutsen út 'e stêd út eangst foar de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)