Ferslaafde-opfang ferhuzet

17 jun 2009 - 16:47
  • De nije lokaasje fan de ferslaafde-opfang oan it Bonifatiusplein

De opfang foar drugsferslaafden oan de Willemskade yn Ljouwert ferhuzet mooglik nei sosjaal pensjon De Bel oan it Bonifatiusplein. De opfanglokaasje fan Zienn oan de Willemskade moat dêr wei omdat it gebou net oan de easken foldocht, der te min romte is foar útwreiding en de fergunning ôfrint.

Omwenners fan De Bel sille ynkoarten ynformearre wurde oer de ferhuzing. De hjoeddeistige bewenners krije in oar plakje. De opfang oan de Willemskade gie trije jier lyn iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)