Ferskillen yn heffing belesting fakânsjehûskes It Amelân

03 des 2014 - 16:57
  • (argyffoto)

Ferhierders fan fakânsje-akkommodaasjes op It Amelân geane ferskillend om mei de heffing fan de toeristebelesting. Dat docht bliken út in stekproef fan de riedsfraksjes fan Ameland'82 en Algemeen Belang Ameland. Ut eigen ûndersyk blykt dat der ûndernimmers binne dy't mear as it fêststelde bedrach fan 1 euro 25 de persoan foar in nacht heffe.

Riedslid Rudolf Teuben fan Amelân'82 is skrokken en fynt dat de toeristebelesting net as melkko brûkt wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)