Ferskil oantallen stedsfûgels

30 okt 2009 - 15:38
  • De mosk is ek in stedsfûgel

Tusken it súkses fan stedsfûgels yn Fryslân sit in grut ferskil. De iene regio docht it folle better as de oare mei It Hearrenfean en Drachten as djiptepunt. Yn trijekwart fan de wiken sitte minder fûgels as yn fergelykbere wiken yn Nederlân. Dat docht bliken út de jierlikse stedsfûgelbalâns fan 'e Vogelbescherming Nederland.

Mei de helte fan de briedfûgels yn 'e beboude kom giet it min. De tallen rinne lanlik werom. Súdwest-Fryslân docht it lykwols ferrassend goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)