Ferskerpe kontrôle by rjochtbank

18 nov 2004 - 12:36

Besikers fan de rjochtbank yn Ljouwert moatte tassen en jassen sjen litte. De kontrôle by de yngong is sûnt dizze wike ferskerpe. Befeiligingsbeambten ûndersykje alle minsken dy't binnenkomme.

De befeiliging fan de rjochtbank is stranger troch ûnder oare de gespannen situaasje yn Nederlân nei de moard op filmmakker Theo van Gogh. Los dêrfan wie de rjochtbank al fan doel ekstra feiligheidsmaatregels te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)