Ferskate ynbraken yn Ljouwert

22 okt 2006 - 15:02

De plysje ûndersiket in tal wenningynbraken yn de Pieter de Swartstrjitte yn Ljouwert. Yn de nacht nei sneon is der yn ferskate wenningen ynbrutsen. De dieven binne nei alle gedachten fia de daken de wenningen ynkaam.

De bút bestie ûnder oare út in televyzje en in fyts. Net út alle wenningen is guod fuortnaam. Oant no ta hat de plysje fiif oanjeftes fan ynbraak krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)