Ferskate ynbraken yn Fryslân

26 jun 2007 - 10:29

Yn Fryslân is it ôfrûne wykein op ferskate plakken ynbrutsen. By in skoalle oan 'e Sinnebuorren yn Akkrum is in jildkistje stellen mei in lyts bedrach deryn. Ferskate doarren binne iepenbrutsen. Yn datselde plak is ek ynbrutsen yn in wenhûs oan 'e Fensterdyk. Dêr is jild en in laptop meinommen.

Yn 'e biblioteek yn De Beurs yn Ljouwert binne it ôfrûne wykein trije kompjûterbyldskerms stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)