Ferskate ynbraken yn Fryslân

12 maaie 2007 - 14:53

By seis wenten yn Sint Nyk is freedtenacht ynbrutsen. De dieven sloegen ta oan 'e Pit, de Buffer en de Patrijs. Der waarden sieraden en mobile tillefoans stellen.

Yn Ljouwert waard op twa plakken ynbrutsen. Oan de Veulenstraat waard in laptop, twa kamera's en in stikmannich jassen weinaam. In nacht earder is ynbrutsen oan 'e De Ruyterwei. Dêr waarden in dvd-spiler, films en in telefoantsje stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)