Ferskate ynbraken yn Drachten

14 okt 2014 - 10:48

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei meardere kearen taslein yn Drachten. In 68-jierrige bewenster trapearre in ynslûper yn har wenning oan de Noarderdwersfeart. De man kaam binnen troch it kaaikastje bûten iepen te brekken. Ek by in hûs oan de Rispinge waard ynbrutsen. De dieder forsearre in rút en naam in jildkistje mei. By in houthannel oan de Stasjonswei waard in raam ynslein. Wat hjir krekt stellen is, is net bekend.

De plysje fan Drachten is op syk nei tsjûgen dy't wat opfallends sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)