Ferskate ynbraken

27 okt 2010 - 10:25

De plysje ûndersiket in tal ynbraken op ferskate plakken yn de provinsje. Yn Snits binne tusken ôfrûne sneon en tiisdei út in hús oan de Zeskanter sieraden, in fototastel en kaaien stellen.

Op De Hemrik waard út in hús oan de Manege in laptop, in beurs en jild meinommen. En út in hús oan de Wybrand de Geeststrjitte yn Ljouwert waarden in kompjûter, in pear skuon en juwielen meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)