Ferskate ûngemakken yn Fryslân

20 des 2004 - 17:10

Troch glêde diken wiene der moandeite- moarn ferskate ûngelokken. In frou (47)út Ysbrechtum is op de glêde dyk by Nijlân út de bocht flein en yn in sleat bedarre. Mei in 17-jierrige ynsittende is se nei it sikehûs brocht. Ek by Sigerswâld en Eanjum rekken auto's yn in slip mei oanridings ta gefolch. Twa bestjoerders moasten nei it sikehûs.

Tusken Stiens en Feinsum rekke in frachtwein mei betonpeallen oer de kop. It ferkear waard omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)