Ferskate treinsteurings

15 mrt 2004 - 00:00

De treinen tusken Ljouwert en Grins riden sneintejûn om 'e oere fanwege in seinsteuring. It defekt waard sneontejûn ûntdutsen en wie snein noch net ferholpen. Oerdeis yn it wykein ride de treinen om 'e oere, mar jûns om 'e heal oere. Dat koe dus net trochgean.

Sneontejûn wie der ek in oare treinsteuring by it NS-stasjon Ljouwert. De trein út 'e rjochting Zwolle stie 200 meter foar it stasjon in goed healoere stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)