Ferskate tips saak-Oldenbroek

17 mrt 2010 - 09:33

De útstjoering fan tv-programma Opsporing Verzocht oer de lêste oeren fan Tom Oldenbroek út Parregea hat tiisdei ferskate tips opsmiten.

De plysje hat de tillefoannûmers fan de minsken opskreaun en sil de minsken woansdei belje foar fierder ûndersyk. Oldenbroek waard op 18 febrewaris 2000 dea fûn yn in sleat by Skraard. Opsporing Verzocht en de plysje ha der in rekonstruksje fan makke. Der is de lêste moannen nije ynformaasje kaam. Dat wie oanlieding foar nij ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)