Ferskate rydbewizen ynnaam

03 des 2005 - 16:47

In 20-jierrige autobestjoerder út Harns hat yn de nacht nei sneon syn rydbewiis ynleverje moatten by de plysje. De man ried fierstente hurd op de grutte dyk by syn wenplak. Earder wie er ek al mei in te hege snelheid sjoen op de A7.

De plysje hat ek it rydbewiis ynnaam fan in 27-jierrige Poal. De man siet mei te folle drank op achter it stjoer. Hy waard betrape by in kontrôle yn Snits. Freedtejûn waard ek al it rydbewiis fan in Boalserter ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)